home_aldtiidsklean

Oar mysels:


It begūn mei in sliepsekje foar myn breiden knyn. Doe klean foar de barby, en foar mysels de trouklean. Op skoalle hat de dosint skiednis my entūsjast makke foar dit fak. Foaral de ālde tiden hawwe my rekke. Yn Ljouwert haw ik de oplieding akte K en U folge. Keunstskiednis en folkskunde kamen derby. By de oplieding kleanmakker foar froulju haw ik kleanmeitsjen, kunde fan stoffen en patroantekenjen leard.

Klean meitsje en betinke is in grutte passy foar my wurden. No meitsje ik yn opdracht klean foar teater en re-enactors. Minsken dy’t de Romeinske tiid of de Midsieuwen ta libben bringe wolle. It kin sa’t de minsken yn Rome klaait wienen, of lānseigen romeinsk, ek Izertiid en betide Midsieuwen.

Myn doel is de klean sa te meitsjen dat it histoarysk korrekt is. En nei winsk fan de opdrachtjouwer. Sa komt myn interesse foar skiednis en klean meitsjen by inoar.